Kontrôle mei fingerôfdruk

It bedriuw Tele ID fan It Hearrenfean ûntwikkelet in apparaat dat fia de fingerôfdruk kontrolearret oft dy persoan âld genôch is om drank te keapjen. De provinsje subsidiearret dit mei 2 ton euro. De fingerôfdrukken wurde opslein op in paske. By it ôfrekkenjen moat dy pas yn in sensor set wurde. As it goed is, giet de kassa iepen. Is immen te jong, dan bliuwt dy ticht.
Tele ID is it earste bedriuw yn de wrâld dat hjirmei wurket. Fanút de supermerksektor en de polityk is al ynteresse foar it paske. De kommende wike wurdt it test.