Regels gelyk foar Prins Dokkum

17 apr 2013 - 11:42

De ûntslachregelingen foar de wurknimmers fan Prins Dokkum moatte foar elkenien jilde, ek as sy ferwear fiere tsjin de ûntslachoanfraach. Dat stelle de fakbûnen de direksje fan it bedriuw foar. De betingst dat alle wurknimmers tekenje moatte, moat komme te ferfallen.

Fierder wolle de bûnen dat ûntsleine meiwurkers fan Prins as earste weromkomme as der tydlike of bliuwende fakatueres ûntstean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)