Heijltjes-fertochte wol jild

Marijke Heijltjes
De 37-jierrige man út Easterwâlde, dy't fertocht waard fan de moard op Marijke Heijltjes, easket in skeafergoeding. De man hat fan ein novimber 2012 oant 1 febrewaris 2013 fêstsitten, mar neffens syn advokaat wurdt de man no net mear ferfolge.
Syn saak soe seponeard wêze. Foarige wike waard in man út De Fochtel oanhâlden foar de moard, dy't op 12 septimber ferline jier plakfûn hat.