Ynbrekkers Noardburgum oppakt

Ynbraak © ANP XTRA
De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn Noardburgum trije fertochten fan in wenningynbraak yn Hurdegaryp oanholden. Tsjûgen seagen dat yn Hurdegaryp twa mannen mei bivakmûtsen út in auto stapten en nei in wenning rûnen.
In skoft letter waard de auto fûn, mei ynbraakark dêryn. Trije mânlju, twa Grinzers fan 24 en 31 en in man fan 29 sûnder fêst wenplak, binne oanholden.