Heechspanningsmêst fersetten

De N381, de dyk fan Drachten nei de grins mei Drinte is woansdei fan njoggen oere ôf ticht. It giet om it stik tusken Selmien en Wynjewâld. De reden is dat yn opdracht fan de provinsje in heechspanningsmêst ferpleatst wurdt. De mêst stiet yn it paad fanwege de ferdûbeling fan de N381.
It ferkear wurdt tydlik omlaat. De omwenners hoege harren hús net út en de minsken komme ek net sûnder stroom te sitten.