CdK as bemiddeler yn konflikt

17 apr 2013 - 07:29

Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma hat in groep amtners fan de gemeente Smellingerlân witte litten dat er boargemaster Van Bekkum om neiere ynformaasje frege hat. De amtners hawwe har problemen koartlyn by him oankaarte. De groep fan mear as 20 minsken fielt him net feilich op it gemeentehûs.

Se sizze dat se yntimidearre wurde en yn guon gefallen ek fuortpest wurde. Yn de gemeentlike organisaasje wurde har problemen net serieus naam, fine se.

Njonken dat se de kommissaris fan de Keninginne skreaun ha, ha se ek oare ynstânsjes benadere. Jorritsma lit de minsken witte dat hy yn dizze saak gjin formeel foech hat. Hy soe heechút bemiddelje kinne as dat nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)