'Kâns op ierdbeving lyts'

16 apr 2013 - 22:05

De kâns op in ierdbeving troch gaswinning yn Fryslân is lyts. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Staatstoezicht op de Mijnen dat útfierd is yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Der is by it ûndersyk sjoen nei de geologyske omstannichheden en de delfstoffewinning yn de ôfrûne tsientallen jierren. Dêrút docht bliken dat der in pear kear hiele lichte bevingen west ha.   

De Fryske gasfjilden binne ek folle lytser as yn Grinslân en dêrtroch net te fergelykjen. It advys is wol om by gaswinning goede mjittings te dwaan nei fersakkings en it tempo fan de winning goed yn 'e gaten te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)