'Strafsaak saak-Smellingerlân'

De eangstkultuer en it machtsmisbrûk op it gemeentehûs fan Smellingerlân hawwe laat ta in strafsaak. De echtgenoat fan in amtner is oanklage fanwege bedriging. De froulike amtner yn kwestje is skoften lang seksueel yntimidearre troch har ôfdielingshaad. De man makke geregeld seksueel tinte opmerkings tsjin har. Dat gie safier, dat se it net langer folhâlde koe en har siik melde.
Doe't har man ferhaal helje woe by de gemeente, waard er sa lulk dat er in kollega fan syn frou bedrige.
De echtgenoat waard arrestearre en oanklage troch de gemeente Smellingerlân. Neffens advokaat De Casseres fan sawol de froulike amtner as har man, binne saken yn it proses-ferbaal fan de oanjefte dúdlik oars as wat syn kliint yn werklikheid sein hat. Der is wol sprake fan driging, mar net mei de lading dy't dêr troch de gemeente oan jûn is.