'Aairôf net foar te kommen'

16 apr 2013 - 12:51

It yllegaal meinimmen fan aaien is noait folslein foar te kommen. Dat seit it fûgelbûn BFVW. Ofrûne wykein waarden hast alle nêsten fan ljippen leechhelle yn de skriezekrite by Skûlenboarch. De dieven hawwe mei-inoar oer de sechstich aaien meinaam.

Neisoargers hiene stokken by de nêsten delset, om't de boer it lân bewurkje woe. De dieven koene sa hiel maklik de nêsten fine en de aaien meinimme. It BFVW neamt it in laffe die. Mocht in neisoarger ferantwurdlik wêze foar de stellerij dan sil dy persoan royeard wurde.

Trefwurden: 
Rendert Algra ljipaai BFVW aai
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)