Friezinne by bom yn Boston
De 56-jierrige Friezinne om utens Klazien Jansma die moandei yn Boston mei oan de maraton doe't de bommen ûntploften. Se moast noch achthûndert meter drave, doe't se ynienen tsjinhâlden waard en net fierder mocht.
In pear minuten dêrfoar wiene koart achter elkoar by de finish twa bommen ôfgien. Der wie panyk, gaos en oeral plysje, brânwacht en ambulânses. Omdat de metro net mear ried, moast Jansma rinnend nei it hotel. Jansma fjocht tiisdei werom nei Nederlân.