Fries pakt foar ynbraak Grins

16 apr 2013 - 11:00

In 41-jierrige Ljouwerter en in man fan 36 jier út Grins binne yn de nacht fan moandei op tiisdei yn Grins oppakt foar ynbraak. Surveillearjende plysjes hearden in lûde klap. Se seagen beide manlju fuortrinnen by in winkel oan de Herestraat.

De plysje ûntduts dat in slotplaat fan in houten doar ferbrutsen wie. Achter dy doar wie in glêzen doar nei in winkel. Dêr wie gjin skea. De plysje wist beide manlju te pakken te krijen. Se sitte fêst en wurde tiisdei ferheard.

Trefwurden: 
ynbraak Grins
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)