Grutte wettersteuring

16 apr 2013 - 09:34

Der is op dit stuit in grutte wettersteuring yn Harns, Frjentsjer, Stiens en omkriten. Der komt amper wetter út de kraan. De steuring ûntstie tiisdeitemoarn om sawat healwei njoggenen troch in breuk yn de wetterlieding. It kin wol eefkes duorje foardat de steuring ferholpen is. Vitens meldt dat der mooglik wat brunich wetter út de kraan komme kin. Dat sjocht der fizich út, mar it is net skealik foar de sûnens. De brunige kleur komt fan de izerdieltsjes.

Minsken dy't lêst hawwe fan de steuring kinne dat melde op reaksje@omropfryslan.nl.

Om tsien oere kaam in telefoanyske melding út Marum dat de wetterdruk dêr wer normaal wie.

Trefwurden: 
wetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)