Mear kameratafersjoch Weaze

15 apr 2013 - 21:29

Der komt mear kameratafersjoch op de Weaze yn Ljouwert. Dat sil ek fleksibeler ynset wurde sadat der op mear ferskillende tiden tafersjoch is. Sa wol boargemaster Crone de oerlêst en kriminaliteit yn it prostitúsjegebiet weromkringe. De plysje sil op dy tiden ekstra minsken ynsette. Op de Weaze is ûnder oare in soad oerlêst fan drugshannelers.

Trefwurden: 
kameratafersjoch Weaze
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)