Ferkearsûndersyk yn Fryslân

De kentekens fan de auto's dy't fan tiisdeitemoarn seis oere ôf op de A7 by De Jouwer ride, wurde registrearre troch Rykswettersteat. Mei kamera's boppe de dyk wurde de gegevens ferwurke. Rykswettersteat wol dêrmei better ynsjoch krije oer wêr't de auto's weikomme en wêr't se hinne ride.
De bestjoerders krije nei in pear dagen in fragelist thús. Dy kinne se ynfolje en weromstjoere. Der wurde ek op ferskate plakken yn de provinsje tellings dien om te sjen hoefolle ferkear oft dêr delkomt.