Wêr moat it NUON-jild hinne?

15 apr 2013 - 16:26

Begjin maart makke it provinsjebestjoer bekend dat it 300 miljoen euro útlûkt om de Fryske ekonomy te stimulearjen. It jild komt út de ferkeap fan enerzjybedriuw NUON yn 2009. De miljoenen moatte foaral banen opsmite, mar ek projekten dêr't de Fryslân grutsk op is. Alle Friezen kinne meiprate oer de plannen. Omrop Fryslân docht dat dizze wike ek. Alle dagen binne der bydragen yn de nijsprogramma's op radio en tv. Fiif Fryske kopstikken fertelle wêr't it jild neffens harren hinne moat. Op moandei is dat Piet Fortuin, fakbûnsman fan it CNV.

Hy kiest foar ynvestearje yn de bou. Dat is net allinnich ynvestearje yn wegen, kabels en rotondes, mar ek ynnovaasje stiet heech op it ferlanglistje fan Fortuin. It gefaar sit him neffens yn de snelheid, de polityk moat net te lang neitinke.

Trefwurden: 
Nuon-jild Piet Fortuin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)