Huldiging topko Aaltsje 12

15 apr 2013 - 14:15

De topko Aaltsje 12 wurdt kommende sneon huldige foar har produksje fan 10.000 kilo fet en aaiwyt. De ko fan maatskip Ros yn Aldhoarne berikte dit restultaat yn in lytse 12 jier mei in produksje fan mear as 110 tûzen kilo molke. Mei in aaiwytpersintaazje fan 4% stiet se op it fyfde plak op de lanlike ranglist.

Bysûnder oan Aaltsje 12 is dat se yn de simmer 2002 foar dea yn de greide lei. It bist hie doe kopsykte en hat it by de dea weihelle. Neffens de boer is it dan ek in krachtpatser dy't fuort net opjout.

Trefwurden: 
huldiging Aaltsje 12
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)