Gjin útspraak oer eilânferfier

In definitive útspraak oer it ferfier nei de waadeilannen lit noch op him wachtsje. It College van Beroep voor het Bedrijfsleven moat him útsprekke oer it skeel tusken Doeksen en EVT, mar hat neiere fragen steld oan it Hof van Justitie fan de Europeese Unie.
Doeksen en Wagenborg hawwe fan it Ryk in konsesje fan 15 jier krigen foar de feartsjinsten. De rederijen EVT, Spathoek NV en Waddentransport hawwe dêr beswier tsjin oantekene. Sy ûnderhâlde ek feartsjinsten, mar neffens dy konsesje soe dat net meie.
Minister Schultz fan ynfrastruktuer en miljeu hat earder al sein dat de beswieren tsjin de konsesjeferliening gjin grûn ha. EVT gie yn berop by it College van Beroep voor het Bedrijfsleven, dat no dus earst antwurden wol fan it Europeeske Hôf, foardat it ta in útspraak komt. De útspraak is binend.