Aksje foar Sicko Heldoorn

In groep Assenaren is in hantekeningaksje begongen om te berikken dat Sicko Heldoorn toch oanbliuwt as boargemaster fan de Drintske haadstêd. De 56-jierrige Heldoorn krige tongersdei te hearren dat er net opnij beneamd wurdt. Dat kaam foar him folslein ûnferwachte. Heldoorn wie earder boargemaster fan Opsterlân. Syn amtsperioade yn Assen rint dizze simmer ôf.
Yn koarte tiid hawwe goed 100 ynwenners fan Assen harren hantekening set om Heldoorn te stypjen.