Ljouwerter swaait mei kapmes

15 apr 2013 - 11:22

In 24-jierrige man út Ljouwert hat snein yn Frjentsjer in frou fan 56 mei in kapmes bedrige. Hy sloech it slachtoffer ek yn it gesicht. Troch relaasjeproblemen wie der yn de Van der Bildtstrjitte rûzje ûntstien tusken ferskate famyljeleden.

De Ljouwerter is oppakt. Hy sit fêst foar ferhoar. It kapmes is yn beslach naam.

Trefwurden: 
kapmes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)