Leger skoaladvys yn Fryslân

Learlingen út groep acht fan de basisskoallen yn Fryslân krije faak in te leech skoaladvys. Dat docht bliken út in analyze fan de ûnderwiisynspeksje. Dy ûndersocht de gegevens fan 150.000 bern dy't ferline jier yn groep acht sieten. Ien op de tsien skoalbern krijt in te leech advys, benammen yn Fryslân.
Foaral yn de fjouwer grutte stêden yn it westen fan it lân krije learlingen krekt in te heech advys.