'Sjonge Jonge' bêste popkoar

15 apr 2013 - 09:45

Popkoar Sjonge Jonge út Grou is útroppen ta bêste popkoar fan Fryslân 2013. Dat barde sneon yn de Gertrudistsjerke yn Warkum op de alderearste Fryske Koareslach. Dêr diene seis popkoaren oan mei.

Popkoar First Beat út Ljouwert einige op it twadde plak. De Fryske Koareslach smiet ek noch 5000 euro op foar it goede doel, in weeshûs yn Namibië.

Trefwurden: 
Sjonge jonge koareslach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)