Opfarrenden falle yn it wetter

In âlder Dútsk echtpear is sneintejûn yn it wetter rekke doe't se harren boat oanlizze woene by steger by Trijehûs, tusken Grou en Warten. It duo foel yn it wetter en de hierboat dreau fuort. Dy botste efkes fierderop tsjin in oar skip. De minsken op dizze boat bellen 112 en slaggen deryn de hierboat fêst te lizzen. Omdat der gjin minsken oan board wiene, is der sykaksje starten.
De man en de frou waarden even letter yn it wetter fûn. Se wiene ûnderkuolle en binne mei in ambulânseboat nei Grou brocht. Dêrwei binne se nei it sikehûs brocht.
Der waard ek noch in traumahelikopter ynsetten, mar dy hoegde net yn aksje te kommen.