Trije ferwûnen by Minnertsgea

Trije minsken binne sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de krusing Moaie Peal by Minnertsgea.
In 77-jierrige automobiliste út Menameradiel seach op de krusing in 21-jierrige automobiliste út Ljouwert oer de holle. In oanriding wie it gefolch. Beide bestjoersters en de 81-jierrige man fan de 77-jierrige frou rekken ferwûne en binne oerbrocht nei it sikehús foar ûndersyk.