Stroetinga lit him ferrasse

14 apr 2013 - 17:26

Hurdfytser Wim Stoetinga fan Aldeberkeap is snein twadde wurden yn de Wâlden klassiker yn Burgum. Op de lêste kilometers liet de Fryske sprintfavoriet him ferrasse troch Jasper Bovenhuis út Staphorst. De fytser fan de Rabobank opliedingsploech fan trainer Sierk Jan de Haan demarearre yn de lêste kilometer en ried solo nei de oerwinning. Robin Wennekes út Dodewaard waard tredde.

René Hooghiemster fan Drachten waard yn de Tour du Loir et Cher e Provost nei fiif etappes achtste yn it einklassmint. De rittekoers yn Frankryk waard wûn troch syn ploechmaat Tino Thomel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)