Heale finale Liet goed besocht

14 apr 2013 - 17:01

Der wie sneintemiddei in soad belangstelling by de heale finale fan Liet 2013 yn Sealen Schaaf. Njonken 15 bands en gasten wiene der noch mear as 200 beteljende besikers.

It nivo liket heger as de ôfrûne jierren, mei in grut ferskaat yn muzikale stilen: rock, ballads, blaasmuzyk en jazz. It tal artysten krige de seal mûsstil mei hiele gefoelige nûmers. In sjuery kiest út de dielnimmers njoggen finalisten. It publyk kiest noch in tsiende finalist. De finale fan Liet wurdt hâlden op it befrijingsfestival yn Ljouwert.

De winner mei Fryslân ein dit jier fertsjintwurdigje op Liet Ynternasjonaal op Korsika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)