Kramer wint maraton Den Helder

14 apr 2013 - 16:29

Maratonrinster Mariska Kramer fan Drachten hat snein de heale maraton fan Den Helder wûn. Kramer sette in winnende tiid fan 1.20.31 op 'e klok. It twadde plak gong nei Yvonne Kassenberg fan Ljouwert. De rinster fan Lionitas klokte in knappe tiid fan 1.22.17.

By de manlju gong de oerwinning nei Aziz Kanfaoui út Gouda. Hy notearre 1.13.02.

(advertinsje)