Feenstra fertsjintwurdiger SP

14 apr 2013 - 14:34

Fenna Feenstra út Snits is keazen ta nije regiofertsjintwurdiger foar de SP yn Fryslân. Se folget Jos van der Horst op, dy't earder al oanjûn hie dat hy syn funksje beskikber stelde.

Feenstra wie de iennige kandidaat en is mei unanime mearderheid fan stimmen keazen. Se is sûnt 2002 lid fan de SP. De lêste jierren wie se foarsiiter fan de ôfdieling Súdwest-Fryslân. Yn 2012 kaam se yn de steaten. Fenna Feenstra wol as regiofertsjintwurdiger ôfdielingen ûndersteune en bine.

Trefwurden: 
SP Fenna Feenstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)