25.000ste besiker Nooitgedagt

14 apr 2013 - 10:54

It sjochsintrum Nooitgedagt yn Drylts hat sneon syn 25-tûzenste besiker binnen helle sûnt de iepening yn 2006. Dizze besiker wie frou IJlst út Haarlem. Sy krige in dvd fan de alvestêdetocht en in bosk blommen.

It sjochsintrum Nooitgedagt hat in kolleksje redens, houten boartersguod en ark fan it eardere fabryk Nooitgedagt yn Drylts. Besikers komme net allinnich út Nederlân, mar ek út it bûtenlân.

Trefwurden: 
besikers Nooitgedagt
(advertinsje)