Suterich ONS lâns Nunspeet

13 apr 2013 - 16:55

ONS Boso Snits hat sneon mei 2-0 wûn fan hikkesluter Nunspeet. "Dramatysk", sei trainer Jan Vlap oer it spul fan syn ONS yn de earste helte. Martijn Roosenburg krige de bêste kâns op de iepeningstreffer, mar hy stuite op de keeper. Ek Jurjen Bosch hie it fizier net op skerp.

Nei rêst krige it publyk mear fjoer te sjen. Ut in hoekskop waard de ynset fan Danny Kampstra troch Jurjen Bosch promovearre ta de Snitser iepeningstreffer. Mei noch 20 minuten te gean tekene Jurjen Bosch ek foar de 2-0.

De oerwinning is in moaie revâns foar de ploech fan Jan Vlap, dy't ferline wike teloarstellend ferlear by Staphorst. ONS bliuwt koprinner yn de haadklasse C mei 45 punten út 22 wedstriden, op de foet folge troch SVZW mei 42 punten út in wedstriid mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)