Harkiten ferlieze yn Wierden

Harkemase Boys hat sneon mei 3-1 ferlern fan de nûmer twa SVZW. Yn Wierden begong de thúsploech sterk oan de wedstriid en kaam nei in goed kertier spyljen op 1-0. Roel van der Meulen wie mei syn frije traap ticht by de lykmakker, mar syn skot belâne op 'e latte. Ut de rebound wist ek Simon Schreiber net te skoaren.
Nei rêst wie it opnij raak foar SVZW. Mei treffers yn de 52e en 54e makke de thúsploech binnen 5 minuten dien wurk. Heine Uuldriks wist mei syn treffer yn de 68e minút noch wol wat werom te dwaan, mar fierder kamen de Boys net.
It is it fjirde ferlies op rige foar de ploech fan trainer Willem Brouwer. Harkemase Boys stiet op it 9e plak mei 26 punten út 22 wedstriden.