'Waadgebiet oaze foar fûgels'

13 apr 2013 - 11:47

It Waadgebiet wurdt in oaze foar briedende fûgels. Fûgelbeskerming Nederlân kriget fan it Waadfûns sawat 3,5 miljoen euro foar it natuerprojekt 'Rust voor vogels. Ruimte voor mensen'.

Yn dit projekt giet de Fûgelbeskerming de kommende fiif jier mei ûnder oaren It Fryske Gea, Steatsboskbehear en Natuurmonuminten de omstannichheden foar fûgels yn it Waad sterk ferbetterje. Gebieten dy't oanpakt wurde binne Kroon's Polders en de Richel op en by Flylân, de Boschplaat op Skylge, de Ingelsmanplaat by It Amelân en it kweldergebiet Holwerd-West.

Trefwurden: 
fûgels Waadgebiet Waadfûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)