Piet Adema nije foarsitter CU

Piet Adema
Piet Adema fan Drachten is keazen ta foarsitter fan de ChristenUnie. De leden ha sneontemoarn dêroer stimd op it partijkongres yn Ede.
Adema wie al aktyf as polityk sektaris fan it partijbestjoer. Hy wie ek ien fan de opstellers fan it ferkiezingsprogramma van de CU. Earder wie Piet Adema deputearre yn Fryslân en waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen. De ChristenUnie stiet op it stuit bot yn de belangstelling om't it kabinet stipe nedich hat fan oare partijen om oan in mearderheid te kommen yn de Earste Keamer.