Bruorren fjochtsje mei-inoar

13 apr 2013 - 11:26

De plysje hat freedtenacht twa bruorren fan 20 en 23 jier út Haulerwyk oanhâlden nei in fjochtpartij.

De bruorren hiene rûzje krigen yn in útgeansgelegenheid oan de Ikesingel. Nei wat wurden gie de rûzje op strjitte oer yn in fjochtpartij. Beide hiene aardich dronken. Se ha in boete krigen foar iepenbiere dronkenskip.

Trefwurden: 
plysje fjochtpartij
(advertinsje)