Ljouwerter Samir Ouali fermist

13 apr 2013 - 10:38

De 33 jierrige Ljouwerter Samir Ouali wurdt sûnt snein 7 april fermist. Hy is fan syn wenadres fuortriden yn in blauwe VW Golf mei it kenteken XB-ZD-98. Hy hat nei alle gedachten in spikerbroek of in trainingsbroek oan en brune skuon fan it merk Timberland.

De Ljouwerter hat in litteken op syn foarholle mei in lingte fan sa'n twa sintimeter. Elkenien dy't ynformaasje hat oer Samir Ouali wurdt fersocht kontakt op te nimmen mei de plysje. Dat kin op tillefoannûmer 0800-6070.

Trefwurden: 
fermist Samir Ouali
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)