Underskieding foar Klaes Tilma

Gemeente Littenseradiel
By de weriepening fan it fernijde doarpshûs yn Weidum freedtemiddei is de 58-jierrige Klaes Tilma ferrast mei in keninklike ûnderskieding. Hy is beneamd ta lid yn 'e Oarder fan Oranje Nassau. De fersiersels binne him opspjelde troch boargermaster Liemburg fan Littenseradiel. Tilma krige de ûnderskieding foar syn frijwilligerswurk yn it doarp. Hy set him al rom fjirtich jier yn foar it doarpshûs en muzykferiening De Harmonie.