Steve Jobs skoalle yn Snits

12 apr 2013 - 16:12

Learlingen fan basisskoalle de Driemaster yn Snits ha fan takom skoaljier ôf allegear har eigen I-pad. It apparaat krijt in sintrale rol yn in nije foarm fan ûnderwiis.

It inisjatyf komt fan opinypeiler Maurice de Hond en de skoalle is ferneamd nei de oprjochter fan Apple: Steve Jobs. De komst fan de earste Steve Jobsskoalle yn Noard-Nederlân soarget lykwols foar de nedige ophef. Alden binne benaud dat harren bern brûkt wurde as proefkninen.

Netsjinsteande de krityk sette de inisjatyfnimmers troch mei de tariedings foar de skoalle fan de takomst.

Trefwurden: 
Snits skoalle Steve Jobs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)