Ferdigening Hearrenfean geheim

12 apr 2013 - 15:34

Trainer Marco van Basten fan Sportklup Hearrenfean wol noch net priis jaan mei hokker ferdigening hy snein spylje sil tsjin Willem II. Jeffrey Gouweleeuw is skorst en de fraach is dus wa't der nêst Arnold Kruiswijk yn it sintrum stiet. Van Basten kin kieze út Ramon Zomer en Chris Kum, mar hâldt dy kar oant de wedstriiddei foar him.

Op it middenfjild is it meidwaan fan Marten de Roon ûnwis, hy rekke tsjin FC Grins blessearre oan de ljisk. Lukas Marecek ferfangt De Roon as dy net spylje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)