Fertochte Heijltjes noch fêst

12 apr 2013 - 15:19
Marijke Heijltjes

De 33-jierrige man fan De Fochtel dy't fêst sit yn ferbân mei de saak Heijltjes, bliuwt noch seker 14 dagen fêstsitten. Dat hat de riedkeamer bepaald.

De man is woansdei oanhâlden op fertinking fan belutsenens by de geweldiedige dea fan Heijltjes. Marijke Heijltjes waard op 12 septimber ferline jier dea fûn yn har wenning oan de Klazingawei yn Easterwâlde. De fertochte wurdt ek yn ferbân brocht mei trije oare oerfallen yn Easterwâlde en ien yn Bakkefean.

(advertinsje)
(advertinsje)