Wurknimmers optein oer akkoart

12 apr 2013 - 12:28

It weromdraaien fan it ferkoartsjen fan de WW-perioade is foar wurknimmers in hiele opluchting. Dat seit vice-foarsitter Piet Fortuin fan it fakbûn CNV Vakmensen.

Seker yn dizze drege ekonomyske tiden, soe it oarspronklike kabinetsplan oer de WW foar in soad ûnrêst soargje. It CNV sil de leden it sosjale akkoart dat it kabinet, de fakbûnen en de wurkjouwers tongersdei sletten hawwe yn Den Haach, oan de leden foarlizze. Dat bart ûnder mear yn Drachten.

Yn it akkoart sjocht it kabinet ôf fan fjouwer miljard euro oan besunigings yn 2014. Dêrtroch kinne de salarissen yn de soarch it kommende jier omheech. Dêr is foarsitter Herman Jongbloed fan de Sintrale Undernimmingsried fan Soarchgroep Noorderbreedte en de sikehuzen MCL en De Tjongerskâns bliid mei. Talintfolle minsken sille dêrtroch gauwer foar de soarchsektor kieze, sa seit Jongbloed.

Trefwurden: 
sosjaal akkoart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)