Hurdriders Frjentsjer op'e bon
By in snelheidskontrôle op de Harnserdyk yn Frjentsjer hat de plysje mear as trijehûndert bestjoerders in boete jûn, omdat se te hurd rieden.
Dat is hast de helte fan it totaal oantal auto's dat kontroleard is. De maksimum snelheid is dêr fyftich kilometer yn de oere. De rapste bestjoerder ried 98 kilometer yn de oere.