Oanhâldings yn drugsûndersyk

Drugs © ANP XTRA
De plysje hat in 20-jierrige ynwenner fan Bûtenpost en in 19-jierrige Damwâldster oanhâlden op fertinking fan de hannel yn harddrugs yn Damwâld en omkriten. De oanhâldings meitsje diel út fan in al langer rinnend ûndersyk nei de hannel yn soft- en harddrugs yn Noardeast-Fryslân.
Yn it hûs fan de man út Bûtenpost fûn de plysje in wapen dat net fan echt te ûnderskieden wie. Dat is yn beslach nommen. De twa wurde fertocht fan de hannel yn XTC en speed. De earste sinjalen dêroer kamen al yn de simmer fan ferline jier binnen.
De plysje slút mear oanhâldings net út.