Bruorren mishannelje man

12 apr 2013 - 10:07

De plysje hat tongersdeitejûn twa bruorren fan 22 en 25 jier út Koatstertille oanhâlden. Se wurde fertocht fan mishanneling.

De plysje krige earder op de jûn de melding dat de bruorren spul hiene mei in 61-jierrige man út Koatstertille. De man ried oer de Prins Willemstrjitte, mar de auto fan ien fan de bruorren blokkearde de dyk. Hy frege oft de auto oan de kant koe, mar krige spul mei de bruorren en der waard slein. De man hat oanjefte dien fan mishanneling. De bruorren sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
mishanneling Koatstertille
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)