Formeel bod útbrocht op DE

12 apr 2013 - 09:56

De Dútske ynvestearringsmaatskippij Benckiser hat in formeel bod útbrocht op it bedriuw DE Master Blenders 1753. Benckiser biedt 12-en-in-heale euro per oandiel foar it kofje- en teebedriuw.

Yn totaal wurdt DE dêrtroch op sa'n 7-en-in-heal miljard euro wurdearre. DE makke earder bekend te ûnderhanneljen mei in groep ynvestearders oer in mooglike oername. De Dútske ynvestearringsmaatskippij hat al in belang fan mear as fyftjin persint yn DE.

Trefwurden: 
DE bod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)