FVC hâldt sicht op titel

Alseny Bangoura yn it shirt fan FVC
FVC hâldt yn de earste klasse fan it sneins amateurfuotbal sicht op de titel. Tongersdei spilen de Ljouwerters mei 0-0 lyk tsjin in oare titelkandidaat, Achilles 1894 út Assen. FVC hie yn de earste helte de bettere kânsen. Yn de twadde helte wienen de ploegen oan elkoar weage. Geandewei de wedstriid waard dúdlik dat beide ploegen perfoarst net ferlieze woenen. Beide keazen foar in foarsichtige wize fan fuotbaljen, dy't úteinliks gjin goals opsmiet. FVC giet oan de leiding mei 45 punten út 20 wedstriden.
Erica en Achilles folgje beide op twa punten. Yn deselde klasse spile De Jouwer mei 1-1 lyk tsjin Stienwyk. ONB dielde de punten mei Emmen: 1-1. Burgum ferlear de útwedstriid tsjin GVAV Rapiditas mei 2-0.