Sicko Heldoorn fuort út Assen

11 apr 2013 - 22:04

Boargemaster Sicko Heldoorn wurdt net opnij beneamd as boargemaster fan Assen. Op de riedsfergadering tongersdei is troch de fertrouwenskommisje bekend makke dat Heldoorn net it fertrouwen krijt om nochris seis jier de boargemaster fan de Drintske haadstêd te wêzen.

Wat der krekt spilet is noch net dúdlik. De PvdA lit yn in reaksje witte teloarsteld te wêzen. Sicko Heldoorn wie earder deputearre yn Fryslân en boargemaster fan Opsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)