Priis foar Wander Blaauw

Wander Blaauw © Omrop Fryslân
Bestjoersfoarsitter Wander Blaauw fan Zorgpartners Friesland hat tongersdeitejûn in spesjale oeuvrepriis krigen. De priis is útrikt op it kongres fan it fakblêd Zorgvisie yn Breukelen.
Blaauw krige de priis fanwege syn besûndere fertsjinsten oer in langere perioade. It is foar it earst dat de sjuery mei foarsitter Andre Rouvoet de priis útrikte. Zorgpartners Friesland bestiet út it MCL sikehûs yn Ljouwert, sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean en soarchgroep Noorderbreedte.