Meetingplanners yn Fryslân

Op útnoeging fan Beleef Friesland reizgje tongersdei en freed tsientallen 'meetingplanners' út Nederlân en België dwers troch Fryslân. Beleef Friesland wol sa it saaklik toerisme befoarderje en ek mear kongressen nei Fryslân helje.
De dielnimmers kinne kieze út de tema's 'Anders congresseren', 'Puur Friesland' en 'De Waddenexperience'. Op it programma steane ûnder oare in boattocht mei in ielfisker en besites oan it Woudagemaal, Epemastate, Lokaal 55 yn Snits en it WTC Expo.
De meetingplanners waarden aardich wiet op de earste dei, mar wiene dochs optein. Foar kongressen fan mear as ien dei kin Fryslân in oantreklik alternatyf wêze foar de Rânestêd, fine guon fan harren. Jant van Dyk fan 'e organisaasje is der fan oertsjûge dat de besite ek boekings en kongressen opsmite sil.