Peaskebult Geitefok brânt toch

11 apr 2013 - 16:23

It smook- en stookferbod yn de gemeenten East- en Weststellingwerf wurdt freed opheft. Dat wie op 26 maart ynsteld fanwege de droechte. Dat bestjut dat it peaskefjoer fan âldjiersploech Geitefok no toch trochgean kin. Dat sil wêze op sneon 20 april.

De Geitefok hat ter gelegenheid fan de takomstige nije kening it peaskefjoer omdoopt ta K(r)oningsvuur. De feriening hoopt dat lykas oare jierren seker tûzen minsken op it fjoer ôf komme.

Trefwurden: 
Geitefok peaskebult
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)