Gers waskje: mear opbringst

11 apr 2013 - 16:02

De Dairy Campus komt mei in nije útfining: de greidewasker. Dizze masine moat smoarge stikken greide skjin spiele as der in soad bulten kowestront yn it lân lizze. De masine smart de stront earst út oer in grutter stik gers, sadat it gers better de stikstof en koalmonokside yn de jarre opnimt. Dêrnei spielt de masine it gers skjin, sadat de kij it gers wer lekker fine.

Neffens de Dairy Campus is de masine goed foar boeren en soe it mear jild opsmite. De Campus test de masine dizze simmer yn it suden fan it lân.

Trefwurden: 
gers waskje opbringst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)