Boeren fertrouwe provinsje net

11 apr 2013 - 15:03

De Fryske greidefûgelboeren ha gjin fertrouwen mear yn it nije provinsjale greidefûgelbelied en ha de gearwurking dêroer foarearst stillein. De provinsje giet op de stoel fan de boer sitten, sa is de klacht fan BoerenNatuur. Dizze organisaasje fertsjintwurdiget alle agraryske natoerferienings yn Fryslân. Boppedat docht de provinsje te min mei de advizen fan BoerenNatuur of bliuwt it ûndúdlik wat der mei dien wurdt.

De greidefûgelboeren wolle om tafel mei de provinsje om ien en oar út te praten. Se wolle de saak net op skerp sette.

Trefwurden: 
greidefûgels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)